Der komme gjin flaggen yn de steateseal fan it Provinsjehûs

De Nederlânske en de Fryske flagge komme net yn de steateseal fan it Provinsjehûs te hingjen. De moasje fan Forum voor Democratie, de PVV en 50PLUS hat it woansdeitemiddei net helle. Allinne de trije yntsjinjende partijen wiene foar, de oaren wiene tsjin.
Albert van Dijk fan Forum voor Democratie foar de stimming:
Albert van Dijk (FvD) Gjin flagge yn Steateseal
Lykas yn de Twadde Keamer fynt de steatefraksje fan Forum voor Democratie dat ek yn de steateseal in flagge hingje moat. Foar Albert van Dijk (FvD) stean dy flaggen foar ienheid en frijheid.
In eardere poging yn 2017 om de flaggen yn de steateseal te krijen helle it doetiids ek net.