Provinsje hat foarearst gjin jild foar dupearren delgong wetterpeil

22 jan 2020 - 20:10

De provinsje hat foarearst gjin jild om dupearren fan fundearringsskea en pealrot troch peilferleging fan grûnwetter te kompensearjen. Deputearre Douwe Hoogland seit 'gjin goeie fûnsen' dêrfoar te hawwen.

Douwe Hoogland - Foto: Omrop Fryslân

Provinsjale Steaten nimme woansdei in beslút oer de oanpak fan it Fryske feangreidegebiet. Troch ûnder mear de drûchte sakket de boaiem en ferdwynt de Fryske feangrûn. Dêrnjonken wurdt de útstjit fan CO2 heger. Troch it ferheegjen fan it wetterpeil moatte dizze negative gefolgen fan de drûchte oplost wurde, mar dat is ek net foar elkenien goed.

Gjin kompensaasjejild

Boeren kinne faaks net goed buorkje mei dat hegere wetterpeil. Guon minsken hawwe lêst fan pealrot en fundearringsskea dêr't de provinsje gjin kompensaasjejild foar hat.

Deputearre Hoogland meldt dat der noch wol 100 miljoen euro frijkomt út de lanlike ympulsjilden. Sân provinsjes mei feangreideproblematyk moatte dat jild mei-inoar ferdiele. Sels ha provinsje en Wetterskip Fryslân 35 miljoen euro beskikber.

Pilotgebiet

Twa gebieten binne útkeazen as pilot foar yngreven maatregels. Dat binne de polder Hege Warren tusken Grou en de Alde Feanen en Aldeboarn De Deelen. Yn de Hege Warren moatte nei alle gedachten boeren útkocht wurde troch de wetterpeilferheging.

Deputearre Hoogland seit ta dêr dit jier dúdlikens oer te jaan.

(advertinsje)
(advertinsje)