Mear learlingen praktykûnderwiis, mar te let trochferwiisd

22 jan 2020 - 17:48

It tal learlingen op it Fryske praktykûnderwiis is de ôfrûne tsien jier mei hast tsien prosint tanommen. Dat blykt út sifers dy't Omrop Fryslân ûndersocht hat. Neffens Broer van Kammen, direkteur fan de praktykskoalle yn Dokkum, is it in positive trend. Bern wurde hieltyd faker trochferwiisd nei it praktykûnderwiis. Al bart dit noch te faak te let.

Woansdei is de earste ôflevering fan de rige 'Ik bin PRO'. Dêryn folget presintator Raynaud Ritsma in tal learlingen op it praktykûnderwiis en besiket hy de foaroardielen dy't der oer dizze tak fan it ûnderwiis út de wrâld te helpen. Omrop Fryslân hat de hiele wike oandacht foar dit tema. It ferhaal fan de learling, âlder, dosint, direkteur en wurkjouwer: it komt allegear foarby.

De sifers binne opfallend omdat it tal jongerein oant 25 dat nei skoalle giet mei fiif prosint minder wurden is. Dêrom kinne we sizze dat de groep dat nei praktykûnderwiis giet yn fergeliking mei it reguliere ûnderwiis, hieltyd grutter wurdt. Van Kammen tinkt dat dit komt omdat der mear omtinken is foar passend ûnderwiis. Al makket hy him noch hieltyd soargen oer de ûnbekendheid fan dizze takke fan it ûnderwiis.

Noch hieltyd in 'ondergeschoven kindje'

"It bliuwt in soarte fan 'ondergeschoven kindje'. Somtiden witte sels kollega's fan oare skoallen net iens fan ús ûnderwiis krekt ynhâldt." Dat is ek net sa gek neffens Van Kammen omdat it in hiele lytse doelgroep is. It oandiel learlingen dat praktykûnderwiis folget is minder as in prosint fan it gehiel oan learlingen ûnder de 25 jier.

Learlingen praktykûnderwiis

Algemien Praktyk
2009 140330 1190
2019 133860 1300

Van Kammen sit yntusken al 20 jier yn it praktykûnderwiis. "Myn earste wurkûnderfining wie op it spesjaal foartset ûnderwiis. Mar as jonge dosint wie dit mentaal te swier foar my. Dêrom ha ik earst myn meters makke yn it regulier ûnderwiis om dêrnei dochs werom te kommen op de praktykskoalle."

Ferskil meitsje

Van Kammen fynt dit wurk tige tankber. "Yn dit ûnderwiis kinne je it ferskil meitsje foar in bern. Dat is hiel oars mei bern op bygelyks de HAVO. Dy ûntwikkelje harsels faak wol. Mar dizze bern ha krekt dat ekstra setsje fan dy nedich."

Op dit stuit folgje 1.300 bern praktykrjochte ûnderwiis yn Fryslân. Dit dogge se op sân ferskate skoallen. Tsien jier lyn wiene dit der mar 1190. De groei sit him neffens Van Kammen foaral yn urbane gebieten, want neffens him binne der just hieltyd minder bern op de praktykskoallen op it plattelân.

It passend ûnderwiis soarget der miskien foar dat learlingen trochferwiisd wurde nei it praktykûnderwiis, mar neffens Van Kammen bart dit faak te let.

"Wy sjogge de lêste jierren foaral in stiging by learlingen yn groep 8 en ynstreamers fan bygelyks it VMBO. Dit betsjut dat se oant dy tiid op it regulier ûnderwiis sitten ha. Wy sjogge leaver dat se al folle earder nei it praktykûnderwiis trochferwiisd wurde. No hat de learling wierskynlik jierren op de teannen rinne moatten omdat regulier ûnderwiis net by harren past."

"Wy binne somtiden wol in jier dwaande om de learling wer yn de goede balâns te krijen. De learling hat nammentlik it idee dat dy faald hat. It weromsetten soarget foar in hiel soad frustraasje. Dit kin foarkommen wurde as de learling goed ûnderwiis krijt."

Foto: Omrop Fryslân

Van Kammen tinkt dat dit komt troch in tal oarsaken. Dosinten wolle it bern sa fier mooglik bringe. "Dit is fansels goed bedoeld en wurdt ek stimulearre troch passend ûnderwiis. Mar passend ûnderwiis kin nea foar elkenien passend wêze. In reguliere basis- of middelbere skoalle hoecht net altyd de goede rûte te wêzen."

Dêrneist hearsket de gedachte dat it praktykûnderwiis as it 'einstasjon' sjoen wurdt. "Mar dat is hielendal net sa. Wy riede jongerein ta op de arbeidsmerk en somtiden kinne se ek trochstreame nei it MBO. Dat is hielendal gjin einstasjon."

Ik bin PRO

Yn Fryslân geane sa'n 1300 bern nei it praktykûnderwiis, it fuortset ûnderwiis foar bern dy't net nei it VMBO kinne omdat se muoite hawwe mei learen. Oer de learlingen en it praktykûnderwiis besteane in soad foaroardielen, dêrom hat Omrop Fryslân yn gearwurking mei it praktykûnderwiis Fryslân de telefyzjesearje 'Ik bin PRO' makke. 'Ik bin PRO' is fan woansdei 22 jannewaris ôf alle woansdeis te sjen om 17.30 oere by Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)