FIDEO: Ljochtmonumint op De Lemmer ûntbleate
Goed 75 jier lyn waard Nederlân befrijd fan de Dútske besetters. Der kaam in ein oan de Twadde Wrâldoarloch. Om ekstra stil te stean by de ympekt fan de Holocaust, de ferfolging fan de Joaden, binne dizze moanne yn 170 gemeenten tydlike ljochtmonuminten te sjen. De earste yn Fryslân waard woansdei ûntbleate op De Lemmer.