Wynjewâldster opnij feroardiele foar stalking

22 jan 2020 - 17:36

In 51-jierrige man út Wynjewâld is woansdei feroardiele ta in selstraf ûnder betingst fan twa moannen foar it stalken fan syn eks. De man waard yn july ferline jier ek al feroardiele foar itselde fergryp.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man krige ferline jier in wurkstraf fan hûndert oeren, in selstraf fan seis moannen ûnder betingst en in kontaktferbod. Hy socht dochs opnij kontakt fia datingwebsiden Tinder en Badoo. Ek skreau hy brieven en wie hy yn de bosk fan Oerterp, wylst de frou dêr har hûn oan it útlitten wie.

Omdat de man yn behanneling is en in nije freondin en nij wurk hat, hat de rjochter de man no allinnich in selstraf ûnder betingst oplein.

(advertinsje)
(advertinsje)