Oanlis fan rap ynternet op Flylân úteinset

22 jan 2020 - 16:57

Yn East-Flylân is dizze wike úteinset mei it graafwurk dat nedich is om in glêsfezelnetwurk oan te lizzen. Yn totaal wurde hast achthûndert adressen oansletten op it rappe ynternet.

Foto: Gemeente Flylân

De earste meters waarden groeven troch wethâlder Elsje de Ruijter fan Flylân. No wurdt de oanlis strjitte foar strjitte oanpakt. Meastal wurde dêrfoar de stoepen iepenbrutsen.

De kabels wurde no ek fuortdaliks nei de huzen lein, it echte oansluten bart letter yn oerlis mei de bewenners. Yn de biblioteek is alle tiisdeis in ynformaasjepunt iepene, dêr't bewenners tusken alven en fjouweren terjochte kinne mei fragen oer it glêsfezelnetwurk.

Trefwurden: 
ynternet Flylân glêsfezel
(advertinsje)
(advertinsje)