'Putsjeman' lichtet âlde frou op en moat twa moannen de sel yn

22 jan 2020 - 16:02

In 62-jierrige man sûnder fêst wenplak is woansdei troch de rjochter feroardiele ta in selstraf fan twa moannen foar it oplichten fan in âlde frou út Sint-Jabik.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man bea him oan as putsjeman, mar yn stee fan har wenning op te knappen ferkocht de man har auto. De man sei dat hy de auto fan de frou kocht hie, mar de rjochter leaude dat net omdat de man gjin ynkommen hie.

Neist de selstraf fan twa moannen hat de man ek in moanne ûnder betingst krigen. Boppedat moat de man in skeafergoeding fan 9.900 euro en 1.000 euro smertejild oan de frou betelje.

(advertinsje)
(advertinsje)