Needgjalp fan De Fûgelhelling yn Oerterp: "It jild is hast op"

22 jan 2020 - 15:44

It wurdt hieltyd dreger om De Fûgelhelling yn Oerterp draaiende te hâlden. Dat seit foarsitter Henk Marinus fan de stichting achter De Fûgelhelling. De Fûgelhelling wurke altyd hielendal mei frijwilligers, mar dat is net langer foldwaande.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Under de iepeningsoeren moatte der kwalifisearre krêften oanwêzich wêze, sadat bisten dy't binnen brocht wurde, fuortendaliks ûndersocht wurde kinne. Ek moat der geregeld oerlein wurde mei in bistedokter. De Fûgelhelling hat dêrom alle gemeenten yn it wurkgebiet opnij frege om in finansjele bydrage.

De measte gemeenten jouwe dêr lykwols gjin gehoar oan, omdat se it wurk fan De Fûgelhelling net as wetlike taak sjogge. De Fûgelhelling kin no noch bestean bliuwe, troch twa flinke erfenissen, mar neffens de foarsitter hâldt dat nei twa jier op.

Opnij drokker

De Fûgelhelling hie it ferline jier opnij drokker as yn foargeande jierren. Der waarden goed 9.000 fûgels opfongen en goed 1.300 sûchdieren.

De biste-ambulânse fan Grins brocht dizze seefûgel nei de Fûgelhelling - Foto: Omrop Fryslân

Hetty Sinnema fan De Fûgelhelling

Bernadet Hendrik fan de biste-ambulânse en Hetty Sinnema fan De Fûgelhelling

Trefwurden: 
Oerterp Fûgelhelling
(advertinsje)
(advertinsje)