Ferwûne by ûngelok op de Skrâns yn Ljouwert
By in ûngelok op de Skrâns yn Ljouwert is woansdeitemiddei in persoan ferwûne rekke. In auto ried in fytster oan en rekke dêrnei in parkearre wein.
De fytster rekke licht ferwûne en is oan har ferwûnings behannele. In oare persoan moast nei it sikehûs brocht wurde.
It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe.