Eksekúsje 75 jier letter betocht yn Dokkum

22 jan 2020 - 15:11

Yn Dokkum is woansdei de eksekúsje fan tweintich minsken op 22 jannewaris 1945 betocht. Dat waard dien mei it lizzen fan krânsen en in betinkingsbyienkomst yn de Fonteintsjerke. Oan de betinking waard meiwurke troch learlingen fan it Dockinga College.

It monumint oan de Wâldwei yn Dokkum - Foto: eigen foto

It is 75 jier lyn dat de Dútsers tweintich finzenen út Ljouwert en Grins delsketten oan de Wâldwei yn Dokkum. Dat wie de wraak fan de Dútsers op in oanslach troch it ferset by De Falom. Dêrby kamen twa Dútske soldaten om it libben en in fersetsman waard befrijd.

Krânslizzing

Omdat it dit jier 75 jier lyn is, wie der ekstra omtinken. De stoet rûn fan Sporthal de Doelstien nei it monumint dêr't krânsen lein waarden, ûnder oaren troch learlingen fan it Dockinga College.

Dêrnei wie der yn de Fonteintsjerke noch in betinking mei in taspraak fan boargemaster Kramer.

(advertinsje)
(advertinsje)