Klaas Fokkinga ynstallearre as nije FNP-deputearre

22 jan 2020 - 16:26

De 66-jierrige Klaas Fokkinga (FNP) is woansdeitemoarn beneamd as nij lid fan Deputearre Steaten. De ynstallaasje fûn plak yn 'e Provinsjale Steaten. Klaas Fokkinga nimt it stokje oer fan FNP'er Johannes Kramer, de nije boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

Klaas Fokkinga fan Nes (Noardeast-Fryslân) is de nije deputearre fan de FNP. Fokkinga is lykwols net op ûnbekend terrein. Sa wie er yn de foarige perioade Steatelid (2015-2019) en wie hy riedslid yn de eardere gemeente Dongeradiel (2010-2015) foar de FNP.

Fokkinga nimt ûnder foarbehâld de portefúljes fan Kramer oer. Under mear oer lânbou, leefberens, wenjen, plattelânsbelied, erfgoed, breedbânynternet en Holwert oan See. As âld-Steatelid is Fokkinga al thús yn dizze ûnderwerpen. De úteinlike ferdieling fan portefúljes wurdt letter bekend makke.

Underwiis

Neist syn politike ynteresse hâldt Fokkinga him ek dwaande mei it ûnderwiis. Sa wie er earder direkteur fan ferskate basisskoallen. Boppedat hat er yn 2011 it ûnderwiisadvysburo Interprimair oprjochte. Interprimair is rjochte op it learen fan frjemde talen yn it bûtenlân, ûnderwiisprojekten en ynternasjonalisearring yn it ûnderwiis.

(advertinsje)
(advertinsje)