"Ynfieren fan trekkerkenteken is net langer tsjin te hâlden"

It ynfieren fan de ferplichte kentekenplaat foar trekkers is net langer tsjin te hâlden. Dat is de ynskatting fan Harm Wiegersma, foarsitter fan de NMV (Nederlandse Melkveehoudersvakbond). Yn de Twadde Keamer wurdt woansdeitemiddei debattearre oer in oanpassing fan de wet, mar no al is dúdlik dat in mearderheid foar is.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It trekkerkenteken is yn hast alle lannen yn Europa al ferplichte. Yn Nederlân wurdt de ynfiering derfan al 15 jier tsjinholden, mar no driget de Europeeske Kommisje mei in boete fan 3 miljoen euro as Nederlân de ferplichting net ynfiert.
Foarsitter Harm Wiegersma fan de Nederlandse Melkveehoudersvakbond ferwachtet dat it ynfieren fan de ferplichte kentekenplaat net mear tsjin te hâlden is. "Europeesk is dit al hiel lang oan de gong, yn it bûtenlân ride hast alle trekkers mei in kenteken om."
De kosten fan in kenteken - sa'n 18 euro it stik - binne gjin probleem, mar Wiegersma is wol bang foar mooglike oare maatregels dy't der efterwei komme. "It is sjen oft it net in kapstôk wurdt dêr't alles ûnder komt te hingjen. Der kin ek in ferplichte APK efterwei komme, kinst it sa gek net betinke."
Foarsitter Hans Wiegersma fan it Nederlandse Melkveehoudersvakbond