Kommissaris fan de Kening Arno Brok pleitet foar hegere fergoeding foar Steateleden

22 jan 2020 - 13:15

De fergoeding foar Steateleden moat noch fierder omheech, om foar te kommen dat benammen jonge Steateleden ôfheakje. Dat fynt kommissaris fan de Kening Arno Brok. Hy wol by de polityk yn Den Haag pleitsje foar in hegere fergoeding.

"It is dreech om in goede balâns te hâlden tusken wurk, privee, bern en it Steatewurk. It Steatewurk is in bybaan, mar wol fan 15, 20 of mear oeren yn de wike", fertelt Brok. It Steatewurk wurdt ek hieltyd dreger. "It wurdt hieltyd drokker. De workload is gewoan stevich. It is net samar wat. Minsken tinke noch wolris: 'dat is in moaie hobby, in pear oeren yn de wike'. Mar it is gewoan in bybaan."

Net yn ferhâlding

De fergoeding foar dat drokke wurk is net yn ferhâlding, fynt Brok. "As ik dan sjoch wat de fergoeding fan dy bybaan is, dan sjogge wy dat it minsken net iens slagget om in dei frij te keapjen fan it wurk - want yn de CAO is dat net altyd regele. It is mar in lytse fergoeding, dus echt oantreklik is it net foar minsken."

Omdat de fergoeding foar Steateleden lanlik fêstlein is, kin allinnich it ministearje fan Ynlânske Saken dêr feroaring yn bringe. "Der rint in evaluaasje, dêr sille wy ynkoarten fierder oer prate mei de minister."

Steateleden Marijke Roskam (PvdA) en Dennis de Calonne (ChristenUnie) namen woansdei ôfskie, omdat sy it Steatewurk net mear kombinearje koene mei harren gewoane wurk en priveelibben. Roskam seit dat it probleem by folle mear Steateleden spilet.

"Ut petearen docht bliken dat elkenien dy wrakseling fielt. Guon minsken hawwe wurk derneist, oars kinne je de hier of hypoteek net betelje, mar it Steatewurk is echt 20 oeren wyks en net allinnich woansdeis fan 8 oant middernacht. Op moandeitejûn, op tiisdeitejûn komme der moasjes binnen, tongersdeis hawwe wy noch ris in ekspertsesje."

(advertinsje)
(advertinsje)