Lida Dijkstra ynstallearre as Berneboeke-ambassadeur

Lida Dijkstra is woansdeitemoarn ynstallearre as earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Sy sil de kommende twa jier it gesicht wêze foar de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal.
© Afûk / Elske Roorda
As Berneboeke-ambassadeur sil sy besykje Fryske bern mear mei it Frysk dwaande te krijen. "Dat hâldt yn dat ik twa jier lang it gesicht bin fan lês- en taalbefoardering fan it Frysk yn Fryslân. Konkreet betsjut dat dat ik út te nûgjen bin troch elkenien dy't tinkt: 'dat soe moai wêze as de Berneboeke-ambassadeur hjirby wêze soe'. En skoallen, biblioteken of oare organisaasjes kinne my útnûgje om foar te lêzen."
Hoewol't bern hieltyd minder lêze en der ek minder oandacht foar ha, hoecht dat neffens Dijkstra net in probleem te wêzen. "Ik tink sels dat it ek in kwestje fan oanpak en oanbiede is. De spanningsbôgen wurde lytser, mar kinst it ek oefenje om dat wer grutter te meitsjen, Dêr ha ik bygelyks ek oefeningen foar, sadat bern wer better begripend lêzen gean."
Harkje nei de nije Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra