Fergunningsoanfraach Vermilion yn De Fryske Marren terjochte net behannele

It wie terjochte dat gemeente De Fryske Marren de fergunningsoanfraach fan Vermilion foar seismysk ûndersyk net behannelje woe. Dat is de konklúzje fan de Ried fan Steat. De gemeente hie net genôch gegevens krigen fan Vermilion, dêrom bleau de fergunningsoanfraach op de planke lizzen.
© Omrop Fryslân
Vermilion tekene berop oan by de Ried fan Steat, mar dy stimde yn mei it net behanneljen fan de oanfraach. Yn dy oanfraach soene net genôch konkrete gegevens oer de plannen stean, wie net oanjûn wêr't seismologysk ûndersyk plakfine soe, hoe lang dat duorje soe en hokker maatregels der nommen wurde soene om skea te foarkommen.