Kollum: "Revolúsje"

22 jan 2020 - 08:57

"De Fryske feangreide is folslein nei de bliksem. De miljoenen dy't dêrfoar op it kleed lizze binne fierstemin.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Der wurde hjir te min hûzen boud. Alle hûzen binne boppedat te djoer. Ynvestearders meitsje dêr gigantyske winsten op. Ek yn dizze provinsje. Dat kin inkeld betelle wurde troch fan bûtenôf kommende rike lju. Wy moatte nei it azc yn Syrië. De gemeenten hjir ha ûnfoldwaande plannen om bouwe te kinnen.

De boeren sitte ek yn Fryslân yn de nederklits. De oerheden soene komme moatte mei sanearring. Mar ek mei metoaden om se hurder bio- of kringloopboer te meitsjen. Lykwols: oerheden wachtsje allegear op elkoar.

Us natoergebieten gean nei de bliksem. Yn de loft stikstof. Yn de grûn sit PFAS. Yn it Waad driuwe de konteners.

Oeral wurde wethâlders de gemeentlike doar út kwakt. De bestjoeren fan Smellingerlân en It Amelân lizze folslein yn de hobbel, dêr bart aanst in jier lang neat. Alle Fryske gemeenten sitte mei in grut finansjeel tekoart. Boargemasters ha it ek net oan tiid om it op te lossen, want se ha it te drok mei it sluten fan drugshûzen.

Provinsje en gemeenten kinne absolút net soargje foar in goede kulturele neifolging fan it kulturele haadstêd jier. Elkenien is deawurch. De kulturele ponge is leech. Dat makket de nije kultuernota net goed.

It ûnderwiis giet nei de bliksem, net ien wol it jaan. En it ûnderwiis yn it Frysk fertutearzet omdat der gjin goed ûnderwiis jûn wurdt. Der is mar ien Fryske tolk yn de rjochtseal, der sil in nije Kneppelfreed komme moatte.

Se boarje noch hieltyd yn ús hillige boaiem om. Gas of sâlt. Dusdanich dat we aanst fersakje. Mear noch as Grins, want ús grûn is folle weaker.

We binne wol hiel grutsk op dat we hjir útfine wat we allegear mei wetter dwaan kinne soenen, mar it eigen wetterskip leit sa'n acht miljoen efter. Dat moat fan it jier oplost wurde, oars gean de boeren takom jier fallyt oan wetterskipslêsten.

We wolle hjir ljippen en skriezen hâlde, jouwe dêrfoar bakken fol jild út. Dat helpt net. Der moat nij belied komme. De wolf is guon lju wolkom, mar de skieppeboeren fine dat er werom nei Dútslân moat.

We binne wakker grutsk op Holwert oan See. Bliid dat de slûs yn Koarnwertersân oanpakt wurde sil. Mar yn beide gefallen sil der noch gâns jild bykomme moatte om it klear te krijen.

We krimpe. De doarpen fjochtsje har dea, mar der binne aanst inkeld yn Drachten, Snits, It Hearenfean en Ljouwert noch skoallen. Sels de tsjerken rinne leech. Fryslân wurdt in lân fan leechsteande boerepleatsen, tsjerken en fertutearze doarpen.

Sa soe ik noch oeren trochgean kinne. It spyt my dat ik konstatearje moat dat de útklaaide boargertop ek gjin oplossings jûn hat. Dat Fryslân grien bliuwe moat en dat we sûner ite moatte, wisten we allegear al lang.

Folle slimmer. Witte jim wêr't de Fryske politisy yntusken oer lulle. Oer oft der al of net in Hollânske flage yn de steateseal hingje moat. Der bestiet net iens in Hollânske flagge. Read-wyt-blau is de flagge fan The Netherlands. Sa hjitte we tenei by OS en Songfestival.

Dan witte dy bûtenlânske toeristen teminsten dat se net inkeld de Amsterdamske grêften en de Keukenhof sjen moatte. Nee, fyts troch Drinte. Of syl yn Fryslân. Dan sjocht elk dat wy hjir in oare flagge ha.

Dy brûke boeren yn it hiele lân. Se wolle hjir wol boer wêze. Hjir wachtet de oerheid ommers moai op Campina en Campina op de oerheid. Likegoed kleie de boeren hjir ek. En we hoege gjin mear kleiers. Jou ús dy flagge mar werom. De FNP woe him jierren lyn ek al yn de steateseal ha, dy begûnen no fansels ek al wer te sangerjen.

Komt it folk mei in goede beslissing troch it fjoerwurk ôf te skaffen en no wol nei de FNP ek it CDA it karbidsjitten as Fryske kultuerhistoarje bewarje. Eartiids skeat in boer nachts tolve oere ien kear in molkbus ôf. Mear net. By de eigenheid fan Fryslân heart echt gjin karbidsjitten.

Politisy dy't jeuzelje oer flaggen en karbidsjitten. Om't se blykber fan it echte ferhaal neat begripe. Ik ha my mysels ôfpraat dat as noch ien politikus it wurd flagge of karbidsjitten brûkt, dat ik de revolúsje útrop."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)