Ludike aksje moat Nederlânske flagge út steateseal hâlde

Leden fan de organisaasje Jongfryske Mienskip hawwe tiisdeitejûn sa'n 500 meter oan Fryske flachjes en fiif grutte Fryske flaggen ophongen foar it Provinsjehûs. Dit om te protestearjen tsjin it útstel fan de PVV, Forum voor Democratie en 50PLUS om de Nederlânske flagge yn de steateseal op te hingjen.
Ludike aksje moat Nederlânske flagge út steateseal hâlde
Yn de steategearkomste fan woansdeitejûn wurdt der stimd oer dat útstel. Jongfryske Mienskip neamt himsels in oerkoepeljende organisaasje mei alderhande politike kleuren, en wolle op dizze wize in tsjinlûd hearre en sjen litte. In protte minsken seagen mei nijsgjirrigens nei de aksje yn de Twibaksmerk yn Ljouwert. Ek de plysje kaam noch efkes del, mar liet de aksjefierders harren gong gean.

Ferkeard sinjaal

De Jongfryske Mienskip hopet dat se op dizze wize de politisy, by oankomst op it Provinsjehûs, oan it neitinken sette kin, en sa te foarkommen dat de Nederlânske flagge yn de steateseal komt te hingjen.
"Wy wolle sjen litte dat wy it der net mei iens binne dat dy Nederlânske flagge yn de Provinsjale Steaten ophongen wurdt", seit Sjoerd Grienhôf. "Wy fine it in ferkeard sinjaal, de Nederlânske flagge heart yn De Haag thús."
Ferslachjouwer Willem de Vries by de flagge-aksje