PvdA Smellingerlân bliuwt by beslút om út de koälysje te stappen

22 jan 2020 - 09:30

De Partij van de Arbeid stiet noch hieltyd achter it beslút om út de gemeentlike koälysje fan Smellingerlân te stappen. Dat seit fraksjefoarsitter Anton Pieters. Oare partijen ha hurde krityk op de PvdA, omdat se fine dat Pieters op de man spile, doe't er sei dat er net mear mei de Eerste Lokale Partij gearwurkje woe.

Ald-deputearre Ton Baas is oansteld om in oplossing te sykjen en sil earst in analyze meitsje fan de situaasje. Pieters sjocht út nei dy analyze. "Ik bin benijd wat derút komt. Ik hoopje dat minsken echt sizze wat se fine."

Pieters bleau tiisdei by syn beslút om út de koälysje te stappen. "Ik ha gjin momint it gefoel hân dat ik te gau west ha mei myn stap. Dat kin ik mei folle oertsjûging sizze: wy hawwe it goede beslút naam."

Mar hoe no fierder? "Wy stelle ús konstruktyf op en wolle dat de gemeente draaien bliuwt. Dêrom is Cor Trompetter noch oan it wurk. Salang't Cor hjir is, bliuwe wy achter it koälysje-akkoart stean. En foar de rêst sitte wy yn de opposysje en nimme wy besluten dy't goed binne foar ús kiezers."

ChristenUnie net yn koälysje

De oare fraksjes yn de ried sizze dat se allegearre konstruktyf meiwurkje en meitinke wolle oan in oplossing fan de bestjoerskrisis. Partijen as D66, SP, CDA, mar ek Smallingerlands Belang binne ree binne om in bydrage te leverjen. Allinnich de ChristenUnie hat op foarhân witte litten dat se net oanskowe wolle by de koälysje dy't der no noch sit.

(advertinsje)
(advertinsje)