FNP Ljouwert wol âlde fulkaan brûke foar ierdwaarmte

22 jan 2020 - 08:40

Ierdwaarmte helje út in fulkaan. Dat is no net it earste dat je ferwachtsje soene as je oan ús provinsje tinke. Dochs wol de FNP dat de mooglikheid dêrta ûndersocht wurdt. Woansdeitejûn sil de FNP yn Ljouwert in moasje yntsjinje om de gemeente Ljouwert te freegjen dizze opsje serieus te ûndersykjen.

Foto: FNP

Under Fryslân leit in fulkaan, de Súdwâlfulkaan, op grutte djipte. "It is in hiele âlde fulkaanplaat, dêr't in soad waarmte yn skynt te sitten", leit Jan-Willem Tuininga fan de FNP út. "Der sit in fulkaanlaach op in djipte fan 2.000 meter. Dy leit ûnder de Waadsee en rint oant Grins ta de iene kant op en ta Steenwijk de oare kant op."

De technyk efter it idee is net nij, seit Tuininga. "It is gewoan de foarm fan geotermy, yn Yslân wurket it en yn Súd-Dútslân stiet in sintrale. Ast op in bepaalde djipte pompst, kinne je net allinnich waarmte út de ierde helje, mar kinst der ek stroom mei opwekje."

'Djoere business'

It plan soe in soad jild kostje, mar dat kin neffens Tuininga wol út. "It is yndie djoere business, mar wy wolle fossylfrij. As dit in foarm fan enerzjyopwekking is foar de takomst dêr't gjin fossile brânstof mear oan te pas komt, dan is dat in goedkeape oplossing"

Jan-Willem Tuininga fan de FNP

Trefwurden: 
Ljouwert FNP fulkaan
(advertinsje)
(advertinsje)