Ameland Eén ropt op ta dialooch nei moasje fan wantrouwen

22 jan 2020 - 07:45

Ameland Eén ropt op ta dialooch tusken de politike partijen op It Amelân. Moandei waard bekend dat de folsleine opposysje in moasje fan wantrouwen yntsjinnet tsjin wethâlder Ellen Bruins Slot. Se soe fuort moatte om't har partij, de PvdA, net mear yn de ried fertsjinwurdige is.

Foto: Google Streetview

De partij ferdwûn, trochdat it eardere PvdA-riedslied Irma Marinus har lidmaatskip opjoech en as selsstannich riedslid fierder gie. Marinus liet earst yn 'e midden oft se al of net fûn dat wethâlder Bruins Slot sitten bliuwe koe. Se hie nammentlik ferwachte dat de wethâlder yn de ûntstiene situaasje sels opstappe soe.

"Ik vind het geen gewenste situatie dat een wethouder blijft zitten, terwijl de partij die zij vertegenwoordigt niet meer in de coalitie zit en dus geen vertegenwoordiging meer heeft in de raad." Omdat der op koarte termyn noch gjin sicht is op in nije koälysje, fynt se dat de wethâlder net sitten bliuwe kin en stipet se de moasje fan wantrouwen tsjin har.

Mei-elkoar praten bliuwe

Ameland Eén fynt dat it sa net kin op it eilân. De politike partijen moatte mei-elkoar praten bliuwe. Dat de koälysje dien is, is in feit, mar se fine it fuortstjoeren fan de wethâlder sinleas.

Neffens Ameland Eén-foarsitter Andries Metz binne alle partijen it deroer iens dat Bruins Slot har wurk goed docht en hy sjocht gjin problemen as se noch efkes sitten bliuwt. Bruins Slot funksjonearret neffens him goed en se leit goed yn de Amelanner mienskip.

"Het is in het belang van het eiland dat ze in ieder geval totdat er een nieuwe coalitie is, aanblijft. Of ze daarna nog aanblijft, dat zal onderdeel zijn van de onderhandelingen. Maar dat moet niet op deze manier in de publieke opinie worden veranderd."

Wethâlder Ellen Bruins Slot wol foarearst gjin reaksje jaan.

Andries Metz fan Ameland Eén

(advertinsje)
(advertinsje)