Plysje op 'e syk nei fermiste Julia Walicka út Drachten

22 jan 2020 - 07:01

Sûnt tiisdei wurdt de 14-jierrige Julia Walicka fan Drachten fermist. Se is tiisdeitemiddei om 14.00 oere hinne foar it lêst sjoen yn Drachten.

Foto: Plysje

Julia hat in slank postuer en donkerblond/brún hier. Se draacht nei alle gedachten in swarte 'jumpsuit' mei in fertikale streek oer de skonk, in krêmkleurige jas en wite sneakers. Se rydt mooglik op in blauwe Batavus-fyts.

Minsken dy't mear witte oer wêr't Julia wêze kin, kinne kontakt opnimme mei de plysje fia 0900-8844.

Trefwurden: 
Drachten fermissing
(advertinsje)
(advertinsje)