Surhústerfeanster bêdefabrikant AVEK krijt nij ûnderkommen

It bêdefabryk AVEK út Surhústerfean sil ferhúzje. It bedriuw sil nei in plak fierderop oan de Grinzerstrjitte. Op de lokaasje dêr't it nije fabryk komme moat, is no noch in bosk.
© AVEK
AVEK sil ferhúzje om't it bedriuw útwreidzje wol. Boppedat is it bedriuw is no noch ferdield oer twa gebouwen en dat soarget foar logistike problemen. Op it plak dêr't no de bedriuwspannen stean, komme huzen.
It nije plak fan it fabryk is tichtby sportkompleks 't Ketting. De ferhuzing fan it bedriuw sil ek konsekwinsjes ha foar de brûkers fan it sportkompleks. Kuorbalferiening It Fean sil ferhúzje nei de wyk Vierstromenland. Dêrmei ûntstiet mear romte foar de beide fuotbalklups It Fean '58 en VV Surhuisterveen.