Fergees kompjûterles folgje yn Drachtster kringloopwinkel

21 jan 2020 - 22:49

De biblioteek fan Drachten is úteinset mei fergeze kompjûterkursussen foar minsken mei in lêsefterstân. Yn kringloopwinkel Hart in Friesland yn Drachten wie tiisdei de earste les.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Yn Fryslân binne der, yn fergeliking mei de rest fan Nederlân, in protte minsken dy't problemen hawwe mei it lêzen en dy't harren net rêde kinne mei in kompjûter. De biblioteek hat de ambysje om ynkoarten ek taallessen yn de kringloopwinkel oan te bieden.

De kompjûterkursus is bedoeld foar minsken dy't graach mear mei de kompjûter dwaan wolle, mar net sa goed witte hoe't dat moat. Sa leare se yn de kursus bygelyks hoe't in kompjûter wurket en hoe't se dêr mei omgean moatte, mar ek hoe't se e-maile en ynternette kinne.

Legere drompel

As lokaasje is foar de kringloopwinkel keazen, omdat dy leechdrompeliger is as de biblioteek. Sa hoopje de biblioteekmeiwurkers mear minsken nei de kursus te krijen. De lessen wurde troch twa betûfte kompjûterynstrukteurs jûn.

Fjouwer dielnimmers

Foar de earste les skoden fjouwer minsken oan. Ferwachte wurdt dat dat oantal gau tanimt. De lessen binne yn in aparte romte, dêr't it winkeljend publyk de kursisten net sjocht. Guon minsken skamje harren derfoar.

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Antje Bosma fan de kringloopwinkel

(advertinsje)
(advertinsje)