PvdA krijt hurde ferwiten; romme stipe foar Ton Baas as 'ferkenner' Smellingerlân

21 jan 2020 - 22:21

Ald-deputearre Ton Baas mei fan de ried fan Smellingerlân oan de slach as 'ferkenner' om de bestjoerskrisis yn de gemeente op te lossen. Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân krige tiisdei grien ljocht en in soad lof foar syn oanpak fan de bestjoerskrisis yn de gemeente.

Allinnich de ChristenUnie wie kritysk oer de kar foar âld-formateur Ton Baas as ferkenner. Fraksjefoarsitter Jouke de Jong fynt dat it 'net foar de hân leit' om de formateur fan de net al te stabile koälysje fan ELP, VVD, FNP/GrienLinks en oant ferline wike PvdA foar dizze put te freegjen.

De gemeenteried fan Smelllingerlân - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It sittende kolleezje fan Smellingerlân wie de earste yn de skiednis fan Drachten en omkriten sûnder kristlike partijen en hie de ambysje om de saken 'oars, better en transparanter' oan te pakken. "Oars is it seker wurden", is it iennichste dat Karin van der Velde fan it CDA deroer kwyt wol.

Fierder fynt se de bestjoerskrisis fan de ôfrûne wike 'beskamsum'. "It is net ferantwurde fan de PvdA om op te stappen om in persoanlik konflikt. It belang fan de gemeente giet altyd boppe it belang fan de partij of de persoan."

Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan ChristenUnie, CDA, Smallingerlands Belang en ELP:

Ton Baas sil as earste in analyze meitsje fan de problemen en oanslutend ek oan de slach mei foarstellen om de bestjoerlike ympasse op te lossen. Dêr hat er net al te folle tiid foar: op 7 febrewaris sil er syn befiningen presintearje yn de ried fan Smellingerlân.

Ferskate fraksjes priizgen boargemaster Rijpstra foar syn inisjatyf, dat tradisjoneel thús heart by de grutste partij. Mar Yntze de Vries hat der gjin muoite mei. "Dat heart miskien ek wol by nije polityk, dat je ek dit oars oanpakke." De Vries wie dúdlik feromme nei ôfrin fan de riedsgearkomste, omdat de measte partijen folle kritysker wiene oer de PvdA as oer de ELP. "De persoanlike ferwiten oan ús adres haw ik fan de oare partijen net heard."

Wethâlder Cor Trompetter fan de PvdA wie oanwêzich, yn funksje. "Ik heb mijn ontslag aangeboden, maar doe voorlopig gewoon mijn werk."

Konstruktyf meiprate en -tinke

De fraksjes yn de ried fan Smellingerlân seine ta dat se allegearre 'konstruktyf' meiwurkje en meitinke sille oan in oplossing fan de bestjoerskrisis. Partijen as D66, SP, CDA, mar ek Smallingerlands Belang seine ta dat se yn prinsipe ree binne om 'in bydrage te leverjen' oan it oplossen fan de bestjoerlike problemen.

Konstruktyf meiprate en meitinke wol de ChristenUnie ek, mar dizze partij fielt him net roppen om oan te skowen yn it earste net-konfesjonele kolleezje yn de skiednis fan Smellingerlân. "As ik sjoch wêr't dizze koälysje foar stiet en mei oan de gong is. Dêr passe wy net by."

(advertinsje)
(advertinsje)