Refalidaasje Fryslân krijt berne-advysried

21 jan 2020 - 21:11

Refalidaasje Fryslân krijt in berne-advysried. Yn dy ried komme bern dy't pasjint binne of west ha by it refalidaasjesintrum. Se binne allegearre tusken de tsien en de tweintich jier âld.

Foto: Revalidatie Friesland

Der wie al in kliïnteried foar folwoeksenen, mar noch net ien foar bern. Refalidaasje Fryslân wol dy no ek ha, omdat bern faak oare ideeën en mieningen ha as folwoeksenen. It refalidaasjesintrum sjocht dat as in 'groot cadeau'.

De bern komme op syn minst fjouwer kear yn 't jier gear en sille advys jaan dêr't om frege is, mar ek as der net om frege is. Sa kin de soarch better op bern rjochte wurde.

De berne-advysried wurdt op 3 febrewaris ynstallearre. Foppe de Haan sil dêr by wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)