Man fan It Hearrenfean feroardiele foar WhatsApp-fraude

21 jan 2020 - 20:57

In man fan 19 jier fan It Hearrenfean is feroardiele ta in wurkstraf fan 30 oeren, neidat er meiwurke oan WhatsApp-fraude. De man hat de pinpas en de bankgegevens fan in saneamde 'geldezel' trochjûn oan in tredde persoan, dy't úteinlik mear as tûzen euro bútmakke mei in WhatsApp-trúk.

whatsapp fraude - Foto: eigen foto

De fraudeur stjoerde fia WhatsApp in berjocht nei it slachtoffer, dêr't er yn frege om jild oer te meitsjen, om't it net slagge om mei in nij tillefoannûmer betellingen te dwaan. It slachtoffer tocht dat it berjocht fan syn dochter kaam. De man makke it jild oer sûnder dat er der by neitocht.

De fertochte sei yn de rjochtbank dat er neat mei de oplichting te meitsjen hie, mar de rjochter oardielde dat der wol deeglik bewiis wie foar meiwurking oan fraude. Dat de man al earder feroardiele is foar oplichting, wurke yn it neidiel fan de fertochte. Njonken de wurkstraf krige hy in selstraf fan 14 dagen ûnder betingst.

(advertinsje)
(advertinsje)