Boeren sille yn grutte stêden opnij aksje fiere

21 jan 2020 - 20:54

Boeren sille opnij aksje fiere, nammentlik op 21 maart. De aksje wurdt organisearre troch Agractie. Op sa'n fjirtich drokke plakken yn grutte stêden bringe de boeren ûnbewurke produkten oan de man, foar de gemiddelde priis dy't de boer derfoar krijt. Sa wolle se konsuminten dúdlik meitsje hoe min oft de posysje fan de boeren is.

Agractie komt ek mei in twadde aksje. Dy konfrontearret winkeljende minsken yn de supermerk mei produkten dêr't boeren gjin earlike priis foar krigen ha en mei produkten dy't net duorsum binne. Dy aksje duorret in pear moannen, sa is de bedoeling.

(advertinsje)
(advertinsje)