Sikehûs MCL woansdei wer digitaal berikber foar pasjinten en meiwurkers

21 jan 2020 - 20:27

Pasjinten fan it Medisch Centrum Leeuwarden (MCL) kinne fan woansdeitemoarn 08.00 oere ôf wer by harren medyske dossiers. Ek kinne meiwurkers wer fan hûs út wurkje.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It sikehûs waard in wike lyn troffen troch in cyberoanfal op de saneamde Citrix-servers. Ut foarsoarch hat it sikehûs doe alle dataferkear mei de bûtenwrâld sletten.

It MCL hat oanfoljende software fan Citrix ynstallearre dy't it ynbrekken op de digitale systemen foarkomme moat.

Lykas as it sikehûs earder al oanjûn hat, hawwe oare partijen gjin tagong hân ta gefoelige ynformaasje lykas pasjintegegevens.

(advertinsje)
(advertinsje)