Auto oer de kop by Langsweagen

21 jan 2020 - 20:19

By in ûngelok op de Hegedyk by Langsweagen is in autobestjoerder ferwûne rekke. De auto bedarre op de kop op de dyk.

Foto: Pro News

It slachtoffer is nei in behanneling yn de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De Hegedyk wie fanwege it ûngelok koarte tiid ôfsletten foar it ferkear. Dat waard oer it fytspaad laat.

De bestjoerder soe mei de auto tsjin in buske oanriden wêze, dat stil stie oan de kant fan de dyk. De plysje ûndersiket hoe't dat barre koe, en oft der alkohol yn it spul wie.

Trefwurden: 
ûngelok Langsweagen
(advertinsje)
(advertinsje)