Ljouwerter soarchferlieners wolle net mear, mar gemeente hat noch 'oare partijen'

21 jan 2020 - 20:06

De gemeente Ljouwert tinkt dat der genôch partijen binne dy't de soarch yn de gemeente oernimme kinne. Dat docht bliken út in amtlike memo dy't oan de gemeenteried stjoerd is.

Foto: Gemeente Ljouwert

Fjouwer partijen dy't no ferantwurdlik binne foar de soarch, hâlde dermei op. Se dogge net mei oan in nije oanbesteging. It giet om Alliade, de Kwadrantgroep, de GGZ en Zienn.

De soarchorganisaasjes geane ûnder oare oer de deibesteging en de thússoarch. Se sizze dat se de kwaliteit fan de soarch net garandearje kinne as de gemeente de oanbesteging trochset.

Oare partijen

Neffens de gemeente binne der meardere oare partijen dy't har ynskrean ha foar de soarch. "Daarmee is geborgd dat er ook vanaf 2021 voldoende kwalitatief hoogwaardige aanbieders voor de aanvullende ondersteuning zullen zijn", sa stiet yn de memo.

De gemeente wie op de hichte fan de argumenten fan de soarchorganisaasjes dy't har no weromlutsen ha. As de nije oanbieders bekend binne, sil de gemeente ôfspraken meitsje sadat kliïnten sa gau as mooglik witte wêr't se oan ta binne.

De gemeente hat in jier útlutsen foar de oerdracht nei de nije soarchoanbieders.

Trefwurden: 
Ljouwert soarch Wmo
(advertinsje)
(advertinsje)