Heit Leen Bleeker oer praktykûnderwiis: "Jitze is in hiel oar jonkje wurden"

21 jan 2020 - 19:57

Watfoar ûnderwiis past it bêste by Jitze? Dy fraach libbe yn de hollen fan syn âlden Leen en Ietsje Bleeker. It antwurd is praktykûnderwiis, mar dat antwurd kaam pas neidat it net goed gong mei Jitze en hy eins net mear nei skoalle woe.

Foto: Omrop Fryslân

Jitze is ien fan de jongens dy't folge is foar de nije rige 'Ik bin PRO'. Dêryn folget presintator Raynaud Ritsma in tal learlingen op it praktykûnderwiis en besiket hy de foaroardielen dy't der oer dizze tak fan it ûnderwiis út de wrâld te helpen.

De earste ôflevering fan 'Ik bin PRO' is woansdei en Omrop Fryslân hat de hiele wike oandacht foar dit ûnderwiis. It ferhaal fan de learling, âlder, dosint, direkteur en wurkjouwer: it komt allegear foarby.

Pest en yn in apart hokje

"Yn de les seinen se dat ik trochwurkje moasten", fertelt Jitze yn de rige oer syn tiid op de basisskoalle. "Se wisten wol dat ik dat net sa goed koe. It wie hiel ferfelend. Ik hie nea in leuke dei. Ik hie der gjin sin mear yn."

Leen fertelt dat hy en syn frou doe tochten: binne wy hjir noch wol goed dwaande? Se ha alles yn gong set om him op it praktykûnderwiis te krijen. Hjir moat in bern foar talitten wurden en der moatte earst in tal ûndersiken dien wurde.

Foto: Omrop Fryslân

Oanfraach praktykûnderwiis ôfkitst

Dêrnei wie it ek in grutte teloarstelling dat de oanfraach ôfkitst waard. "De skoalle woe earst sels passende maatregels fine om Jitze op skoalle te hâlden. Mar wy tinke dat skoalle de subsydzje foar Jitze net misrinne woe."

Leen en Ietsje hiene gjin kar mear oer. Jitze moast op de skoalle bliuwe. Mar it waard net better. "Hy kaam alle dagen mei de holle del thús", fertelt Leen Bleeker, de heit fan Jitze. "Op skoalle moast hy yn in apart hokje sitte en hy waard ek pest." Dêrom ha se it nochris besocht en doe waard it fersyk akseptearre.

In oar jonkje

It hat in hiel soad effekt hân op Jitze, fertelt Leen. "Jitze is in hiel oar jonkje wurden no. Hy gong mei sprongen omheech en kaam wer bliid thús."

Heit Leen Bleeker

Ik bin PRO

Yn Fryslân geane sa'n 1.300 bern nei it praktykûnderwiis, it fuortset ûnderwiis foar bern dy't net nei it vmbo kinne omdat se muoite hawwe mei learen. Oer de learlingen en it praktykûnderwiis besteane in soad foaroardielen, dêrom hat Omrop Fryslân yn gearwurking mei it praktykûnderwiis Fryslân de telefyzjesearje 'Ik bin PRO' makke. 'Ik bin PRO' is fan woansdei 22 jannewaris ôf alle woansdeis te sjen om 17.30 oere by Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)