"Skaf it ferskil tusken vmbo, havo en vwo hielendal mar ôf"

21 jan 2020 - 19:38

It plan om bern pas yn it tredde jier fan de middelbere skoalle in definityf skoaladvys te jaan, giet lang net fier genôch. Dat seit Roel Krijnen fan de teenerskoalle yn Snits.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It plan om de definitive kar út te stellen is tiisdei presintearre yn Den Haag. Koepels fan skoalbestjoeren, ûnderwiisbûnen en learlinge-organisaasjes pleitsje der mei mekoar foar om learlingen pas yn de tredde klasse fan de middelbere skoalle in skoaladvys te jaan.

De skoalkar soe foar stress soargje by bern en by skoallen, en as de kar letter makke wurde kin, soene bern mei in achterstân in gruttere kâns krije om op in heger skoalnivo telâne te kommen.

Yndividuele eksamens

Wat Krijnen oanbelanget, giet it plan net fier genôch. "Misschien moet je het nog wel langer uitstellen, dat je in een groep komt met één niveau. We moeten veel meer nadenken over individuele examens, maar dat is nog een stap verder."

Roel Krijnen

De teenerskoalle yn Snits bestiet no sa'n twa jier. It is de bedoeling dat mei dizze skoalle de stap tusken it basis- en it fuortset ûnderwiis lytser wurdt.

De skoalle is bedoeld foar bern fan 10 oant 14 jier. De lêste twa jier fan de basisskoalle en de earste twa jier fan it middelber ûnderwiis foarmje op dy skoalle in nije learrûte.

Der binne gjin nivo's lykas vmbo en havo. De bern ûntwikkelje harren op it eigen nivo en dat kin foar elk fak ferskillend wêze.

Minister wol skoalkeuze net útstelle

Der komme hieltyd mear fan ditsoarte skoallen. Neffens ûnderwiisminister Arie Slob is dat in goeie saak, mar hy fynt net dat alle bern der better fan wurde as se pas as se fyftjin binne te hearren krije op hokker skoalle oft se it bêste passe.

De minister seit dat it skoaladvys yn groep acht foar guon bern te betiid komt, mar "anderen hebben er juist baat bij om sneller op vmbo, havo of vwo te beginnen".

(advertinsje)
(advertinsje)