Reek- en wetterskea by dakbrân yn sintrum Warkum

Yn in wenning oan it Noard yn Warkum hat tiisdei in útslaande dakbrân west. De brânwacht kaam mei ferskate ienheden en in heechwurker yn aksje.
© CAMJO media / Stefan Postema
De brânwacht fan Warkum, Boalsert en Parregea wienen oanwêzich om de brân te bestriden. Nei in lyts healoere hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle.
By de brân is net ien ferwûne rekke, yn it hûs wienen gjin minsken of húsdieren mear. Der is wol reek- en wetterskea, meldt de brânwacht.