Selstraf fan 40 jier foar Braziliaanske wûnderdokter: "De mûle foel my iepen"

21 jan 2020 - 18:06

In Fryske koreografe kin it hast noch net leauwe dat yn Brazilië in wonderdokter 40 jier de sel yn moat, nei in feroardieling fan seksueel misbrûk. Hy is troch hûnderten froulju beskuldige, mar de saak kaam pas echt oan it rôljen neidat Zahira Lieneke Mous deroer fertelde op de Braziliaanske telefyzje.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Neffens Mous is de straf fan 40 jier de heechste dy't der yn Brazilië oait útdield is yn in misbrûksaak. "De mûle foel iepen doe't ik it hearde. Ik bin sprakeleas."

Zahira Lieneke Mous: "No wit elkenien wa't er is"

De man wurdt troch hûnderten froulju beskuldige. Hy hie in spiritueel sintrum, dêr't alle wiken sa'n 10.000 minsken kamen, omdat se tochten dat hy se better meitsje koe, ek al hie er gjin doktersoplieding dien.

"Hy komt net mear frij"

De man hat yn desimber ek al in selstraf krigen fan goed 19 jier, yn in saak dy't troch fjouwer oare froulju oanspand wie. De saak fan Mous stiet noch op de rol.

"Hy komt net mear frij. Dêr binne we hiel bliid om. En hy sit al mear as in jier yn de gefangenis, dus hy hat al dy tiid net ien misbrûke kinnen."

Mous hat kontakt mei oare slachtoffers oer ynternet. "Sa stypje we mekoar. It is hiel belangryk om te fielen dat we net allinne binne." Mous hat guon slachtoffers persoanlik troffen, yn Sao Paulo. "Dat wie hiel bynsûnder."

Ein 2018 waard dúdlik hoe grut oft de saak wie. Omrop Fryslân makke dêr doe dizze reportaazje oer:

Yn desimber 2018 hat de wûnderdokter him oerjûn oan de plysje. Yn novimber fan foarich jier krige er in selstraf fan fjouwer jier foar yllegaal wapenbesit. Yn desimber waard er foar it earst feroardiele foar seksueel misbrûk. Dat is er no dus foar de twadde kear.

De man hat it misbrûk sels altiten ûntkend. Hy kin noch yn berop gean.

(advertinsje)
(advertinsje)