Funksje PvdA-wethâlder Ellen Bruins Slot fan Amelân stiet faai

21 jan 2020 - 17:38

Wethâlder Ellen Bruins Slot fan gemeente Amelân krijt nije wike in moasje fan wantrouwen oan de broek, fan de folsleine opposysje. Dy fynt dat se fuort moat, omdat har partij, de PvdA, net mear yn de ried fertsjintwurdige is.

Wethâlder Ellen Bruins Slot (PvdA) - Foto: PvdA Tytsjerksteradiel

De PvdA ferdwûn trochdat it eardere PvdA-riedslid Irma Marinus har lidmaatskip opjoech en as selsstannich riedslid fierder gie. Earst stipe se har eardere wethâlder noch, mar dêr komt se no op werom. Se slút har oan by de rest fan de opposysje. Dy hat dêrtroch in mearderheid, sadat de moasje in goede kâns makket om it te heljen.

Korrespondint Jeanet de Jong oer de politike krisis op It Amelân

(advertinsje)
(advertinsje)