FNP De Fryske Marren wol ûndersyk nei 5G-strieling

21 jan 2020 - 17:17

De FNP yn De Fryske Marren wol dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komt nei 5G-strieling. Yn de gemeenteriedsgearkomste fan woansdeitejûn sil de partij dêr in moasje oer yntsjinje.

Foto: FNP Fryslân

De FNP fynt dat der in lanlik debat komme moat en dat it kolleezje fan De Fryske Marren dêr op oantrúnje moat. De ôfrûne moannen hat de gemeenteried fan De Fryske Marren tsientallen brieven krigen mei soargen oer it útrôljen fan it 5G-netwurk.

De foardielen fan 5G wurde ek wol sjoen, mar der binne ek lûden dy't warskôgje foar de effekten fan de strieling. Op it stuit is der amper ûndersyk nei dien en de ûndersiken dy't der binne, wize út dat de strieling foar guon minsken fiergeande gefolgen hawwe kin, seit de FNP.

(advertinsje)
(advertinsje)