Bou nije ynformaasjesintrum fan Skiermûntseach kin begjinne

21 jan 2020 - 16:42

De bou fan it nije ynformaasjesintrum Het Baken op Skiermûntseach set yn febrewaris fan dit jier útein. Het Baken komt midden yn it doarp te stean, oan de Reeweg neist de Tox Bar. De fiif inisjatyfnimmers, gemeente, VVV, Stichting Bezoekerscentrum, Natuurmonumenten en Nationaal Park Schiermonnikoog, binne tige wiis dat it slagge is om de finansiering en de fergunningen rûn te krijen.

Foto: Natuurmonumenten

It is de bedoeling dat it sintrum yn de maitiid fan 2021 klear is. De finansiering is slagge troch bydragen fan ûnder oare it Waadfûns, de Provinsje Fryslân, de gemeente Skiermûntseach en Natuurmonumenten. Dêrneist ha ek tal fan lokale en regionale sponsoren meiwurke om it projekt mooglik te meitsjen.

Mei ynformaasjesintrum Het Baken is der in sintraal lizzend punt op it eilân foar de tûzenen minsken dy't alle jierren in besite bringe oan Skiermûntseach. It wurdt it plak dêr't je ynfo krije kinne oer wat der te belibjen falt, mar je kinne ek aktiviteiten boeke en je ferdjipje yn de ûntwikkelingen fan it eilân en it omlizzende wetter.

De hiele belibbing moat in bydrage jaan oan mear kennis en begryp oer it wrâlderfgoed Waadsee en it plak dat Skiermûntseach dêr ynnimt.

Foto: Natuurmonumenten

It ynformaasjesintrum is ûntwurpen troch de Fryske arsjitekt Nynke Rixt Jukema út Ljouwert yn gearwurking mei BètHa Architecten út Burgum. It gebou is duorsum en wekket aanst syn eigen enerzjy op. Het Baken wurdt boud troch boubedriuw Dijkstra fan Skiermûntseach. Natuurmonumenten sil it sintrum yn gearwurking mei VVV Skiermûntseach eksploitearje.

Marianne van Hall, foarsitter fan de VVV op Skiermûntseach

(advertinsje)
(advertinsje)