Ljouwerter sel yn foar trochriden nei rammen brêgewachtershúske

In man út Ljouwert krijt in selstraf foar it trochriden nei it rammen fan in brêgewachtershúske. De 25-jierrige man hat tiisdei twa wiken selstraf en in wurkstraf fan 30 oeren krigen fan de plysjerjochter.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Ljouwerter ried yn de betide oerkes yn augustus ferline jier mei syn auto tsjin it brêgewachtershúske oan de Dubbele Regel op It Hearrenfean. De bestjoerder, dy't doe noch ynwenner fan Aldeboarn wie, is nei de botsing trochriden. Boppedat die bliken dat syn rydbewiis skorst wie, om't hy in kear mei drugs op efter it stjoer sitten hie.
De man hie mei syn auto in pealtsje rekke, dat dwers troch de foardoar fan it húske fleach. Troch de klap ûntstie in gat yn de gevel en wiene ferskate ruten sprongen. It húske wie krekt opknapt. Nettsjinsteande dat de auto ek swier skansearre wie, is de bestjoerder dochs trochriden.

Net genôch dien

De fertochte seit dat hy ferskate kearen 112 en de plysje besocht hie te beljen. Hy krige neffens eigen sizzen gjin kontakt. De rjochter fûn dat hy mear dwaan moatten hie. Hy hie him op it plysjeburo melde kinnen. Fia in berjocht op Facebook kaam de plysje efter de identiteit fan de eigener fan de auto.
De man waard de dei nei de oanriding oanhâlden. It brêgewachtershûske is noch altyd net yn âlde steat werombrocht. De rjochter stelde foar dat de eigener en de fertochte besykje om finansjeel ta in oplossing te kommen. Mocht dat net slagje, dan sil de eigener nei de boargerlike rjochter stappe moate om de reparaasjekosten op de Ljouwerter ferhelje te kinnen.