Kafee 8 Drachten wint lanlike hoarekapriis

21 jan 2020 - 16:14

Kafee 8 yn Drachten is útroppen ta bêste kafee fan Nederlân. Dat barde op it Award Festival fan de Nederlânske Horeka Prizen. Kafee 8 waard earder al keazen as gemeentlike en provinsjale winner. Moandei sleepte it kafee ek de lanlike titel yn de wacht.

De útrikking fan de prizen - Foto: Eigen foto

It Drachtster kafee krige de heechste wurdearring fan de gasten en hie boppedat de measte stimmen. De faksjuery seit dat it in kafee is dêr't elkenien himsels wêze kin en dat der foar alle leeftiden wat organisearre wurdt.

Op de eigen Facebookside skriuwt it kafee dat se hiel bliid binne mei de priis en se betankje dj's, barpersoaniel, befeiliging, skjinmaksters en alle gasten.

(advertinsje)
(advertinsje)