Bedriuwspân yn Ljouwert ûntromme nei brânmelding

21 jan 2020 - 15:39

It bedriuwspân fan Vriesco oan de Mr. P.J. Troelstrawei is tiisdeimiddei troch de bedriuwshelpferliening ûntromme nei in melding fan in mooglike brân. De brânwacht is te plak en docht ûndersyk. It is noch net bekend oft der werklik brân is.

Foto: ProNews

De brânwacht is mei in bluswein en in heechwurker nei it gebou. Meiwurkers en besikers dy't yn it pân wiene, binne út foarsoarch nei bûten brocht. Mooglik soe der wat yn de kuolsel wêze, mar wat dat krekt is, is noch net dúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)