Doarpen Noardwest-Fryslân krije nije hierwenningen

21 jan 2020 - 15:05

De doarpen Hallum, Berltsum, Menaam en Bitgummole krije 28 nije duorsume hierwenningen. Nei de sloop fan in tal huzen yn it doarp sil Wonen Noardwest Fryslân yn de doarpen ynvestearje.

Foto: Wonen Noordwest Friesland

It giet om fyftjin wenningen dy't sa boud wurde dat se foar in hiel libben bestindich binne. Dat betsjut dat de bewenners der ek wenjen bliuwe kinne as harren libbensomstannichheden feroarje troch bygelyks sykte of âlderdom. Dêrneist komme der trettjin wenningen foar 1-2-persoanshúshâldens.

De huzen wurde duorsum boud en ha gjin oansluting op it gas. Ek krije se in luchtwaarmtepomp.

(advertinsje)
(advertinsje)