Carles Puigdemont komt foarearst net nei Fryslân

21 jan 2020 - 14:29

De eardere Katalaanske lieder Carles Puigdemont komt foarearst net nei IepenUP Live. De politikus soe op 5 febrewaris te gast wêze yn it programma fan Omrop Fryslân, mar hy hat dan oare ferplichtings yn it Europeesk Parlemint. Neffens de organisaasje fan IepenUP wol Puigdemont ein maart noch komme, mar dat is noch net wis.

Foto: ANP

Puigdemont soe yn it programma prate oer de Katalaanske krisis en hoe't de striid foar autonomy en in eigen taal in foarbyld foar Fryslân wêze kin.

Trefwurden: 
IepenUP Carles Puigdemont
(advertinsje)
(advertinsje)