Ek meiwurkers Tjongerschans en Antonius kinne net thúswurkje, situaasje MCL net feroare

21 jan 2020 - 18:35

Njonken it MCL yn Ljouwert hawwe ek Tjongerschans op It Hearrenfean en it Antonius sikehûs yn Snits, problemen troch it datalek yn de software fan Citrix. Beide sikehuzen meitsje allinne gebrûk fan de thúswurkomjouwing fan Citrix. Foar it thús ynloggen fan pasjinten, sadat se har dossier besjen kinne, brûke se in oar systeem.

Tjongerschans en Antonius sille freed in saneamde patch útfiere. Dit is in soarte fan update, wêrnei't it systeem nei it wykein wer feilich wêze moat. Tjongerschans ferwachtet dat meiwurkers nije wike moandei wer fan hûs út wurkje kinne. It Antonius sikehûs hâldt noch efkes in slach om 'e earm.

Ferline wike waard bekend dat der in grut feilichheidslek sit yn de software fan Citrix. Foar sikehûs MCL wie it reden om fuortendaliks de hiele boel út de loft te heljen. Dat hat gefolgen foar MCL-pasjinten dy't online harren medyske gegevens opsykje wolle. It digitale pasjintedossier is net mear yn te sjen en it slagget net om digitale bylden tusken sikehuzen te ferstjoeren.

Foto: Omrop Fryslân

De situaasje by it MCL is noch net feroare, fertelt Frits Mostert fan it Ljouwerter sikehûs tiisdeitemiddei. Pasjinten kinne noch net yn harren portaal en meiwurkers kinne noch net thúswurkje. Ek it MCL hat in patch útfiere litte en it momint dat alles wer iepenset wurde kin, komt al tichterby neffens Mostert.

Privacy pasjinten

De útwikseling fan gegevens mei it UMCG yn Grins wurket wol wer. Dat wurket fia in oar systeem seit Mostert. "Foar de wissichheid wie dat efkes út de loft helle en dat wurket no wer." Alle systemen wurde wer iepenset as it sikehûs der folslein wis fan is dat de privacy fan de pasjinten garandearre wurde kin.

It Citrix systeem leit der no in wike út. "En dat is in wike te lang, dat mei dúdlik wêze", sa seit Mostert. "Gelokkich, en dat bliuwt foar ús it wichtichste, de soarch yn it sikehûs giet gewoan troch. Binnen it sikehûs wurket alles."

Frits Mostert fan it MCL oer de lêste stân saken by it Ljouwerter sikehûs

(advertinsje)
(advertinsje)