Undersyk nei Sinteklaaspamfletten stopset

21 jan 2020 - 13:56

It ûndersyk nei de Sinteklaaspamfletten dy't by de yntocht fan Sinteklaas ferspraat waarden yn de Prinsetún, is stopset. Dat hat de plysje tiisdei bekendmakke.

De poster - Foto: Omrop Fryslân

Op de pamfletten stiene ûnder oare in heakkekrús, in ferwizing nei Hitler en twa ûntholle piten. Ek waard der op de posters in ferwizing makke nei de 'blokkearfriezen'. De posters waarden yn de nacht fan freed 15 op sneon 16 novimber ferspraat yn Ljouwert.

De plysje seit dat der gjin fertochten oanhâlden binne, of dat der in spoar fûn is fan de ferantwurdliken. Minsken dy't wat witte wurde lykwols noch hieltyd frege om har te melden by de plysje.

Trefwurden: 
pamflet Sinteklaas poster
(advertinsje)
(advertinsje)