Needgjalp GGZ: "Wij denken dat de kwaliteit van zorg ernstig achteruit gaat"

21 jan 2020 - 13:50

De thúsbegelieding en deibesteging yn Ljouwert is net mear te beteljen. Dat sizze de GGZ Fryslân en opfangorganisaasje Zienn, dy't dy opfang regelje. Se kinne it net mear dwaan foar it jild dat se derfoar krije. En dêrom hawwe se it beslút naam om net mei te dwaan oan de oanbesteging yn Ljouwert. Dat skriuwe beide organisaasjes ûnôfhinklik fan inoar yn in brief oan it kolleezje fan boargemaster & wethâlders yn de gemeente.

Ton Dhondt, psychiater en lid fan de Ried fan Bestjoer fan GGZ Fryslân, leit út wêrom't syn organisaasje it beslút naam hat om net mei te dwaan mei de oanbesteging fan de WMO-soarch yn de gemeente Ljouwert foar 2021: "Wij denken dat we, in de systematiek die de gemeente nastreeft, niet de kwalitatieve zorg kunnen bieden die we willen bieden. We denken dat de kwaliteit van de zorg ernstig achteruit gaat, met grote gevolgen voor onze patiënten, maar ook voor de samenleving in het algemeen."

Njonken de noed oer de kwaliteit fan de soarch, sit der ek in finansjele kant oan it ferhaal. "Onze inschatting is dat we, voor de prijs die geboden wordt, niet de zorg kunnen bieden die we zouden moeten bieden." Njonken de GGZ hat ek Zienn oanjûn net mei te dwaan mei de oanbesteging.

Besunigje op de WMO

De gemeente Ljouwert moat 3,6 miljoen euro besunigje op de WMO. Dat komt om't gemeenten yn ús lân minder jild krije fan it Ryk foar it útfieren fan soarchtaken. Dhondt begrypt dat it foar de gemeente dreech is. "Als het geld er niet is, kun je het niet uitgeven. Maar wij hebben aangegeven, geef ons deze opdracht, om deze zorg uit te voeren. Dan zorgen wij dat we de bezuiningsopdracht van de gemeente ook tegemoet gaan komen. Dat aanbod ligt er nog steeds. Ik denk dat de gemeente in een heel lastig parket zit. Ze zoeken een financiële oplossing voor een ingewikkeld probleem. Wellicht hadden we nog beter met elkaar in gesprek moeten blijven."

"Teleurgesteld in de plannen"

In jier lyn paste wethâlder Herwil van Gelder syn plannen oangeande de WMO alris oan, doe't der in soad krityk op kaam. No is der dus wer gedoch. Dochs wol Dhondt net sizze dat hy teloarsteld is yn de wethâlder. "We zijn teleurgesteld in de plannen die nu op tafel liggen. Dat is ook de reden waarom we gezegd hebben, we kunnen hier niet in meegaan."

De fraach is hokker partijen der no oerbliuwe dy't de taken fan de WMO útfiere kinne yn Ljouwert. "We weten niet welke partijen zich wel hebben ingeschreven. Theoretisch gezien kunnen ook partijen uit andere regio's, zoals Zuid-Limburg, zich hebben ingeschreven op deze aanbesteding. Of dat wenselijk is? Je kan er allerlei bedenkingen bij hebben, dat klopt."

Harkje nei Ton Dhondt fan GGZ Fryslân

Trefwurden: 
GGZ Wmo Zienn Ton Dhondt
(advertinsje)
(advertinsje)