Jurkjes en pasta op skoalle: op in oare wize leare

21 jan 2020 - 12:55

Shampoo, jurkjes, pasta en echte kassa's: it winkel & design-lokaal fan de praktykskoalle PRO yn Dokkum is in supermerk, kleanwinkel en drogist yn ien. Dizze hast realistyske praktyksitewaasjes foarmje de basis fan it ûnderwiis op dizze skoalle. Dus foaral leare mei de hannen yn stee fan mei de holle.

Foto: Omrop Fryslân

Noralyn pakt in jurkje út it rek en rint nei de kassa. Fakkundich begjint se it bedrach fan it stik yn te tikjen. Se hat der sichtber wille yn. "Ik ben misschien niet de slimste, maar ik heb wel plezier op school".

Har skoalle is ien fan de skoallen dy't sintraal stiet yn it programma Ik bin Pro fan Omrop Fryslân, wêr't yn sjen litten wurdt hoe't it der op ferskate praktykskoallen oan ta giet. Ek it stigma dat dêr oer dit ûnderwiis bestiet komt oan de oarder.

Noralyn is har bewust fan dit stimpel. "Ik wil laten zien dat onze school niet voor domme mensen is, wat heel veel mensen denken. Veel mensen weten ook niet wat we hier precies doen. En dat wil ik laten zien, wat we echt doen."

Ik ben misschien niet de slimste, maar ik heb wel plezier op school.

Noralyn, learling

Noralyn hat in soad freonen op de havo sitten en seit dat sy tinke dat alle bern op de praktykskoalle dom binne. Mar dat negearret se. "Ik vind zelf dat ik gewoon heel slim ben in deze vakken hier op school. En je hoeft niet alleen maar slim te zijn , want ze hebben ons ook allemaal nodig."

Noralyn oefenet mei oare learlingen yn it kleanwinkelhoekje hoe't se klean ferkeapje kin. Mar oft dit har dreambaan is? "Ik weet het nog niet, ik vind horeca ook heel leuk". Se is noch mar 15 en dus genôch tiid om dêr in kar yn te meitsjen.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn petear mei learlingen

Foto: Omrop Fryslân

Ynstaptest

As de bern wat nedich binne, sa as medikaasje, of fragen hawwe oer it roaster, komme se al gau út yn it kantoarke fan Dirk Kooistra. Hy docht de administraasje en is in soad belutsen by de learlingen. Kooistra is dan ek tige grutsk op de praktykskoalle om't se it ûnderwiis taspitse op wat learlingen kinne en net op wat se net kinne.

Tinke yn de kwaliteiten fan de bern, yn stee fan de tekoartkommings is it útgongspunt. De bern krije earst in test foardat se oannaam wurde op in Pro-skoalle. Oer it algemien hawwe dizze learlingen in IQ fan 55 oant 80. Troch se yn groepen fan 15 learlingen de klasse yn te dielen, bliuwt it ûnderwiis lytsskalich en kinne bern it bêste begelaat wurde. En as se wat langer tiid nedich hawwe om de fakken te heljen, dan is dêr romte foar.

Diploma

As bern lykas Noralyn klear binne op de skoalle krije se gjin diploma. Mar dêr komt feroaring yn. "It is faak wol wat dêr't druk op lein wurdt, in diploma mei sifers", seit Kooistra. En dat soarget by guon praktyklearlingen foar safolle stress dat it in ferkearde útwurking hat. Kooistra: "We krigen hiel faak te hearren fan learlingen op eltse skoalle krije in diploma, dus dat soene wy ek graach wolle. It ministearje giet dêr yn mei en komt daliks ek mei in diploma foar praktyklearlingen."

Harkje nei in bydrage fan Johanna Brinkman

Ik bin Pro

Omrop Fryslân komt mei in nije rige 10 minuteprogramma's dy't gean oer it praktykûnderwiis. PRO ûnderwiis jout learlingen dy't in learefterstân hawwe de kâns op in bettere takomst troch passend ûnderwiis wêrby't sjoen wurdt nei de kwaliteiten fan de bern en net nei de beheinings. De searje Ik bin Pro begjint dizze wike. Ien fan de skoallen dy't meidocht oan de rige is PRO Dokkum.

(advertinsje)
(advertinsje)