Studinten meitsje wapenkisten út de Twadde Wrâldoarloch

21 jan 2020 - 12:23

By de Wapendropping Wandeltocht kin ynkoarten in wapendropping út de Twadde Wrâldoarloch belibbe wurde. Studinten fan it Friesland College op It Hearrenfean meitsje de wapenkisten dy't dêrfoar brûkt wurde.

Yn de nacht fan 5 op 6 jannewaris 1945 waarden fyftjin konteners mei wapenark dropt by De Deelen. Minsken fan it ferset fongen de wapens op en sutelen se út ûnder de leden. Hessel Bouma socht hielendal út hoe't it doe gien is.

Bouma: "Yn de oarloch binne dy wapens by De Deelen yn saneamde wapenkonteners dropt, dêryn sieten de wapens foar de ûndergrûnse, dy't se brûke koene by de befrijing. Ek de Dútsers wisten dat en dêrtroch is der mei dy wapens fan De Deelen folle mear bard as alle oare wapendroppingen dy't yn Fryslân west hawwe."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Op ferskate plakken by de rûte del wurdt troch akteurs sjen litten hoe't it der yn 1945 oan ta gie. "De wapens wurde út de kontener wei helle, dan rinne se mei de jutesekken oer de polderdyk. Yn de heafeart lizze trije boatsjes klear en dêr wurde de wapens ynbrocht. Sa is it yn de oarloch ek echt bard."

Nije konteners

Der moasten nije konteners makke wurde om't de âlden ferrustke wiene, fertelt Bouma. "De wapenkonteners moasten krekt neitiid fuortmakke wurde want dy Dútsers mochten it fansels net sjen. Dêrtroch binne se allegearre yn it wetter telâne kommen, mar nei de oarloch doe't se derút helle binne, wiene se fier ferrustke, dus dy âlde konteners koene wy net sjen litte, fandêr dat wy seinen: kinne jim dy neimeitsje?"

Ien fan de studinten dy't mei kisten dwaande is, is Jouke Baarda. "Ik fyn it wol hiel spesjaal dat wy dit dwaan meie, it is wer wat oars as oare dingen dy't wy meitsje. Ik hie gjin idee dat dit út fleantugen goaid wurde moast."

Learaar Sjoerd Scholten (l) en Hessel Bouma - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Ferslachjouwer Jantine Stoffers oer de wapenkonteners

(advertinsje)
(advertinsje)