Marit Bouwmeester pakt sulver yn Melbourne

Laser Radial-sylster Marit Bouwmeester hat sulver pakt by Sail Melbourne yn Australië. Yn dy kompetysje farre mannen en froulju yn deselde klasse. Bouwmeester wie oer acht wedstriden de bêste frou en helle sa it twadde plak.
© Bogee Toth / Sailing Academy Gran Canaria
"Marit Bouwmeester heeft een vrij constant evenement gevaren", fertelt Lieke Beukema fan it Watersportverbond. Bouwmeester fear allinnich mar earste, twadde en tredde plakjes en ien kear in alfde plak. "Haar wegstreepwedstrijd is de wedstrijd waarin ze een black flag kreeg", fertelt Beukema. In black flag is in soarte penalty as je bygelyks tefolle pompe of rôlje, wat net de bedoeling is. Wêr't Bouwmeester har black flag foar krigen hat is net bekend.

Mirthe Akkerman

Mirthe Akkerman fan Akkrum die ek mei oan de wedstriid yn Melbourne. Sy einige as 21e en dêrmei as 17e frou. "Mirthe heeft wat rommeliger gevaren, als ik het zo mag zeggen", seit Beukema. "Haar beste wedstrijd is een vijfde plek, wat heel goed is. In haar slechtste wedstrijd werd ze 38e." Fierder fear Akkerman benammen yn it midden mei 14e plakjes en in kear njoggende. Akkerman waard Europeesk kampioen ûnder de 17 jier en wurdt sjoen as jong talint yn de Laser Radial-klasse.
Sawol Akkerman as Bouwmeester farre yn de Gold Fleet, de boppeste helte fan alle dielnimmers, mei dêryn 43 silers. Sail Melbourne wurdt fearn yn Australië en is foar silers dy't meidogge oan de Olympyske Spelen of dêr kâns op meitsje.
De wedstriid wurdt alle jierren hâlden op de see by Victoria en wiene dit jier fan 17 oant en mei 21 jannewaris.