Fytsprojekt hat slim ferlet fan brûkte fytsen

It projekt Iedereenfietst yn Ljouwert hat slim ferlet fan brûkte fytsen. It projekt soarget derfoar dat húshâldings dêr't gjin jild is om in fyts foar de bern te keapjen, fergees ien krije kinne.
Fytsprojekt hat slim ferlet fan brûkte fytsen
De twaddehânsk fytsen wurde yn in wurkpleats yn Ljouwert opknapt. It projekt is in sukses, want der is in soad fraach nei de brûkte fytsen. Mar dat soarget ek foar in probleem, want Iedereenfietst hat op dit stuit te min om oan de fraach te foldwaan.
It projekt is in inisjatyf fan de ANWB, De Fietsersbond, Veilig Verkeer Nederland en Stichting Leergeld Leeuwarden. It projekt is opset om ferfiersearmoede yn de gemeente Ljouwert tsjin te gean. Neffens de organisaasjes komme de bern yn beweging en krije se mear selsstannigens as se in fyts hawwe.
© Omrop Fryslân