SC Hearrenfean en SC Cambuur betinke De Wagt

21 jan 2020 - 10:52

Sportklup Hearrenfean sil no sneon stil stean by it ferstjerren fan Chris de Wagt. Dat dogge se mei in minút stilte foarôfgeand oan de kompetysjewedstriid tsjin AZ. Boppedat hawwe de spilers roubannen om. Ek SC Cambuur sil De Wagt betinke mei in minút stilte en roubannen, by de wedstriid tsjin Jong FC Utrecht.

Ald-fuotballer en trainer Chris de Wagt wie slim siik en ferstoar sneintemiddei. De Wagt fuotballe fiif seizoenen foar SC Cambuur en waard yn 2017 oansteld as trainer fan Jong SC Hearrenfean.

Yn oerlis mei syn famylje is de minút stilte yn it Abe Lenstra Stadion foarôfgeand oan de wedstryd tsjin AZ. Ek yn it KNVB Bekerduel mei Willem II op woansdei spilet Hearrenfean mei roubannen.

Foto: OrangePictures
(advertinsje)
(advertinsje)